Plysje hat mear tiid nedich foar ûndersyk nei eksploazje

30 des 2015 - 13:49

De plysje ferwachtet net dat se woansdei of tongersdei al achter de oarsaak komme sil fan de eksploazje yn de flat oan de Nachtegaalstrjitte yn Drachten. Boargemaster Tjeerd fan Bekkum fan Smellingerlân hie dat earder wol sein. It forinsysk ûndersyk koe woansdei pas echt goed begjinne. 

De eksploazje wie yn it ûnderste appartemint en dêr leit alle pún fan de oare ferdjippingen op. It ûndersyk moat foarsichtich dien wurde, omdat der ek allegear persoanlike besittingen fan de bewenners tusken it pún lizze.

Ek hat de plysje noch gjin dúdlike ferklearring opnimme kind fan it slachtoffer, hy leit mei swiere brânwûnen yn it sikehûs. Boppedat hawwe de tips net folle dúdlik makke oer de mooglike oarsaak. De plysje seit wol dat it slachtoffer net de bewenner is fan de flat dêr't de ôfrûne tiid meldingen fan oerlêst oer dien waarden. Dy bewenner wie op it momint fan de eksploazje net yn it gebou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)