Plysje hat hannen fol oan útgeanspublyk Ljouwert

17 jan 2016 - 10:57

De plysje hat ôfrûne nacht yn Ljouwert fiif minsken oppakt. In 25-jierrige ynwenner fan Sint Pancras stie te pisjen yn de Alde Doelesteech. Hy woe him net legitimeare en fersette him tsjin syn oanhâlding. In 27-jierrige ynwenner fan Alkmaar bemoeide him dermei. Hy waard ek oppakt, om't er net fuortgean woe nei't de plysje dat frege hie.

By in hoarekasaak oan it Ruterskertier waard in man fan 23 jier út Burdaard oanholden. Hy wie ferfelend tsjin de útbater fan de saak. Doe't de plysje him dêr op oanspruts, misledige hy de plysjes.

Mishannelings

Yn in oare horekasaak oan it Ruterskertier waard in 27-jierrige frou út Ljouwert oppakt. Sy soe in 21-jierrige plakgenoate mishannele ha. 

In 33-jierrige Ljouwerter wie troch portiers in hoarekasaak útsetten. De man hie ien mishannele en wie dronken. Hy fersette him tsjin de plysje. It slachtoffer woe gjin oanjefte dwaan fan mishanneling. 

Op de Prins Hendrikstrjitte wie in 19-jierrige man út Ljouwert slein mei in fytsketting. Ambulânsepersoniel hat him ûndersocht. De man woe gjin oanjefte dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)