Plysje hat fertochte op it each foar mishanneling brúnfisk

02 mrt 2016 - 12:56

De plysje hopet meikoarten in fertochte oan te hâlden yn de saak fan de deade brúnfisk dy't moandei op de seedyk by Seisbierrum fûn is. It bist hie gjin kop mear en de yngewanten wienen der úthelle. Boppedat wie it bist achter in auto oansleept.

De plysje hat yntusken in buertûndersyk dien en ek fia Burgernet in oprop dien. Dêr binne neffens in plysjewurdfierder brûkbere tips op binnen kaam. Dy wurde no ûndersocht en de plysje ferwachtet dêrnei in fertochte oppakke te kinnen.

Kommende freed komt de Universiteit fan Utrecht mei de útslach fan in ûndersyk nei it bist.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)