Plysje hat 26 ynbrekkers pakt

13 maaie 2011 - 10:12

De Plysje Fryslân hat sûnt de ynstelling fan it wenningynbraakteam 26 dieders oanhâlden. It team is yn oktober ferline jier begûn. It giet neist ynslûpings yn wenten om ynbraken yn bedriuwen, sportkantines en kelderboksen.

It anty-ynbraakteam bliuwt yn alle gefallen dit jier noch aktyf, meldt de plysje. De ôfrûne winterperioade is der folle mear ynbrutsen, benammen yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)