Plysje hâldt ynbrekker oan

15 maaie 2005 - 16:48

De Ljouwerter plysje hat yn 'e nacht fan sneon op snein in ynbrekker (24) arresteard. De man hie krekt dêrfoar ynbrutsen yn in wente oan de Dennestrjitte yn de wyk Skieringen. De plysje koe de man oanhâlde omdat tsjûgen in goed signalemint fan de man jûn hiene.

By de oanhâlding woe de fertochte, in 24-jierrige Ljouwerter, ien fan 'e plysjeminsken slaan, mar dy koe de klap ûntwike.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)