Plysje hâldt yn Ljouwert drankrider oan sûnder rydbewiis

12 des 2015 - 10:43

In 40-jierrige drankrider út Sint Maartensdijk is freedtenacht op de Drachtsterwei yn Ljouwert oanhâlden. Plysjes seagen dat de man al slingerjend nei de Wâldwei ried. Op de rotonde waard hy oan de kant set. Ut ûndersyk die bliken dat de man ek gjin rydbewiis hie. Hy hat foar beide fergripen in proses-ferbaal krigen en mocht net fierder ride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)