Plysje hâldt wyldpisser oan

19 des 2010 - 14:28

In 20-jierrige ynwenner fan Wjelsryp is sneintemoarn betiid by in snackbar op de Koemarkt op It Hearrenfean oanhâlden. Hy hie tefolle dronken en foel minsken yn de snackbar lestich. In meiwurker fan de snackbar waard útskolden.

Aginten wiene de man earder op de jûn ek tsjin kaam. Hy krige doe in boete foar wyldpisjen. De man is meinaam nei it plysjeburo der't proses-ferbaal tsjin him opmakke is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)