Plysje hâldt trije drugsdealers oan op A7 by Beetstersweach

21 jun 2015 - 10:29

De plysje hat sneontemoarn op rykswei A7 by Beetstersweach in Akkrumer (25), in Stiensgeaster (20) en in man fan Nij Beets (24) oanhâlden op fertinking fan it yn besit hawwen en it dealen fan harddrugs. De plysje hie ynformaasje krigen dat manlju drugs ferfiere soene yn in buske en in persoane-auto. Dy ynformaasje kloppe, want de plysje fûn xtc, speed en ghb. Yn in folchauto waard noch mear harddrugs fûn. Auto en drugs binne yn beslach nommen.

Alle trije fertochten binne foar neier ûndersyk oerbrocht nei it plysjeburo en dêr ynsletten.

De drugs wurde ferneatige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)