Plysje hâldt strjitrôvers oan

19 nov 2007 - 16:25
  • Plysjesjef Marc Jakobs

De plysje hat mei de oanhâlding fan twa manlju fan 22 in searje strjitrôven mei geweld yn Ljouwert oplost. De manlju berôven op ien jûn fjouwer minsken. Dit barde ûnder oare by de Potmarge en op it plein by de Grutte Tsjerke. Ien slachtoffer waard dêrby slim ferwûne mei in mes.

De plysje hâldde ek in frou (19) oan, dy't ferantwurdlik hâlden wurdt foar twa strjitrôven. De plysje hie in spesjaal tiim op de strjitrôven set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)