Plysje hâldt stappers oan

01 jul 2011 - 11:27

De plysje hat tongersdeitenacht yn Ljouwert twa manlju oanholden foar bedriging en mislediging. In man woe oan de Nijstêd in hoarekasaak yn, mar waard wegere omdat er neffens de portier dronken wie. Doe't de plysje der oankaam, begûn in man (26) fan Hurdegaryp him der mei te bemuoien. Hy misledige de plysjes en waard oppakt.

Deselde nacht waard ek in Redúster (27) oanholden. Hy hie in barkeeper mei de dea bedrige. De fertochte stie te smoken op in plak dêr't dat net mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)