Plysje hâldt man oan yn stellen auto

08 feb 2015 - 13:55
  • Oanhâlden

De plysje hat sneon yn Ljouwert in man (45) sûnder fêst wen- of ferbliuwplak oanhâlden achter it stjoer fan in stellen auto. De auto foel de plysje op, omdat dy mei frijwat skea oer de Archipelwei ried. By de ferkearsljochten naaide de man út mei piipjende bannen.

By it kontrolearjen fan it kentekennûmer die bliken dat de auto yn Amsterdam stellen wie. De plysje hold de auto steande op de Swanneblom en arrestearde de bestjoerder. De man hie in slokje op en gjin rydbewiis. De man is dêrom ynsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)