Plysje hâldt koperdieven oan

30 apr 2011 - 13:32

De plysje hat sneontemoarn yn Ljouwert twa koperdieven oanhâlden. It giet om twa ynwenners fan de stêd fan 39 en 42 jier âld. Tsjûgen seagen dat de twa besochten koper mei te nimmen fan in gebou oan de Cornelis Trooststrjitte.

De ynskeakele plysje koe de twa dêrnei oanhâlde. Hjir wie noch wol in lytse achterfolging foar nedich. De twa binne foar fierder ûndersyk fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)