Plysje hâldt 'kollektant' oan

13 mrt 2009 - 09:42

De plysje hat in Lemster yn syn wenplak oanhâlden, omdat er fertocht wurdt fan oplichting. De man kollektearde mei in yntekenlist en in kollektebus foar it Wereld Natuur Fonds. Hy hie lykwols gjin papieren en fergunnings by him. Nei syn arrestaasje joech er ta dat er fan doel wie it jild sels te hâlden. It giet om in bedrach fan 175 euro.

Yn oerlis mei de Offisier fan Justysje is besletten dat jild nei it Wereld Natuur Fonds oer te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)