Plysje hâldt grutte taksykontrôle by hoareka yn Ljouwert

10 apr 2016 - 07:32
  • Taksy

De plysje hat sneontenacht in grutte taksykontrôle by de hoarekagebieten yn Ljouwert hâlden. De sjauffeurs waarden ûnder oaren kontrolearre op harren sjauffeurspas, it tal persoanen yn 'e taksy en de ûntheffing foar it ynriden fan de Prins Hendrikstrjitte yn it sintrum. 

Yn totaal krigen njoggen sjauffeurs in bekeuring, omdat se sûnder ûntheffing fan de gemeente de Prins Hendrikstrjitte ynrieden. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)