Plysje hâldt fytsesmiter oan

29 jun 2014 - 11:35

In 21-jierrige man út Emmen is sneontenacht oanholden yn Snits. Plysjes seagen dat de man mei noch in oar oan de Kruizebroederstrjitte mei fytsen smiet. Dy stiene yn in stalling en de beide manlju wiene dwaande om fytsen yn de loft te smiten. De 21-jierrige Drint koe oppakt wurde, de oare fertochte wist út te naaien.

De plysje is noch nei dizze twadde fytsesmiter op syk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)