Plysje hâldt fytsedieven oan

29 maaie 2010 - 12:54

De plysje hat trije ynwenners fan Drachten oanholden op fertinking fan it stellen fan sa'n hûndert oant hûndertfyftich fytsen. De oer it generaal wat djoerdere fytsen waarden foar in grutste part trochferkocht oan in 41-jierrige man út Drachten.

De plysje warskôget foar stellerij fan fytsen troch in saneamde loper. Foaral in âlder fytsslot kin hjirmei maklik iepene wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)