Plysje hâldt fytsedieven oan

29 okt 2006 - 15:39

De plysje hat sneon yn Drachten in jonge fytsedief (15) oanhâlden. De jonge fytste sûnder ljocht en waard oanhâlden by in ferkearskontrôle. By trochfreegjen bekende de jonge dat er de fyts stellen hie.

Yn Lippenhuzen waard in fytsedief (50) út Utert op 'e die trapearre. Neidat de man bekende krige de man de opdracht om in earder stellen fyts op te heljen út Utert en wer werom te jaan oan de eigneresse út LIppenhuzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)