Plysje hâldt fytsedief oan yn Camminghabuorren

31 jul 2015 - 13:38

De plysje yn Ljouwert hat tongersdeitejûn in 17-jierrige fytsedief oanhâlden. De jonge hie de fyts stellen op de Lieuwenburg yn Camminghabuorren. Mei help fan in goed sinjalemint koe de plysje de jonge op de Albadastins oanhâlde. Hy fertelde wêr't de fyts stie en wêr't hy de flessen drank dy't yn de fytstassen sieten, ferstoppe hie.

De fytstassen mei de rest fan de boadskippen binne net werom fûn. De plysje hat de saak yn ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)