Plysje hâldt dwerse Snitser oan

17 sep 2006 - 15:29

De plysje hat sneontenacht in dwerse Snitser (29) oanhâlden yn de Kleine Kerkstraat yn syn wenplak. Doe't de plysje in wyldmieger op syn gedrach oanspruts bemuoide de Snitser him der mei. Hy pakte in plysjeman by it skouder en begûn dêr oan te lûken. Doe't de plysje de man fertelde dat er oanhâlden wie, woe er utnaaie.

De man fersette him tige en misledige de plysje. Dêrby skopte er in plysjeman tsjin de skonken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)