Plysje hâldt dwerse Ljouwerter oan

25 des 2015 - 09:10

In man fan 27 jier út Ljouwert is tongersdei oanhâlden yn de binnenstêd. Nei't er spul hân hie mei freonen socht er dêrnei rûzje mei oaren yn de Doelesteech. De plysje stjoerde him fuort. Letter seach de plysje dat er op de Nijstêd wer spul makke. Doe hat de plysje him meinommen nei it buro. Dêr die bliken dat er noch in oantal boetes iepen stean hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)