Plysje hâldt drugsrider oan

20 aug 2010 - 10:43

In 41-jierrige automobilist fan Ljouwert is tongersdeitemiddei syn rydbewiis kwytrekke omdat hy ûnder ynfloed fan drugs achter it stjoer siet. In plysjeman seach de man slingerjend oer de Dammeleane riden.

Doe't hy foar it griene ferkearsljocht stean bleau griep de plysjeman yn. Hy helle de kaai út it kontakt sadat de man net fierder ride koe. Op it plysjeburo dy bliken dat de man drugs brûkt hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)