Plysje hâldt dronken frou oan

15 des 2012 - 10:22
  • Boeien

In 37-jierrige automobiliste út de gemeente Hearrenfean is ôfrûne nacht oanholden by Mildaam, omdat se fierstente folle dronken hie. Plysjeminsken kamen de frou tsjin mei it grutte ljocht oan. Boppedat foel it de plysje op dat beide spegels fan 'e auto fan 'e frou lâns de doarren hongen. By har oanhâlding koe de frou eins net mear op de fuotten stean.

Se moast har rydbewiis ynleverje en der is proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)