Plysje hâldt drankrider oan by Haskerdiken

24 des 2015 - 20:30
  • Alkoholkontrôle

De plysje hat tongersdei it rydbewiis ôfnaam fan in man dy't fierstente folle dronken hie. Om 17.00 oere kaam in melding binnen dat in auto tusken Haskerdiken en Terbant yn 'e greppel bedarre wie. Doe't de plysjes oankamen, troffen se de auto en de bestjoerder oan.

De man waard meinommen nei it plysjeburo foar in blaasproef. Der die bliken dat er tefolle dronken hie. De man blies 1200 ug/l. It rydbewiis fan de man is foarearst ôfpakt. De rjochter sil bepale wannear't er it werom krijt.

Limyt

Foar in begjinnend bestjoerder leit de limyt op 88 ug/l. Minsken dy't langer as fiif jier harren rydbewiis hawwe, meie net heger as 220 ug/l sitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)