Plysje hâldt bleate man oan

24 sep 2011 - 16:19

De plysje yn Drachten krige freedtenacht de melding dat in 43-jierrige Drachtster neaken op de Noarderdwersstrjitte rinne soe. De plysje trof de man net oan en krige te hearren dat hy him yntusken wer oanklaaid hie en nei de Nachtegaalstrjitte gien wie.

Op it momint dat de plysje de man oantrof begûn hy him wer út te klaaien. Dêrop is de Drachtster oanholden en oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)