Plysje hâldt autodief oan

08 sep 2014 - 16:16
  • Plysje

In 30-jierrige ynwenner fan Stienwyk is moandei op De Lemmer oanhâlden. De man wurdt fertocht fan it stellen fan in auto. Dy auto waard moandeitemoarn betiid stellen fan in hiem oan de Gaffelaar.

Neidat de eigener oanjefte dien hie, seach de plysje de auto riden. De man waard oanhâlden en nei it plysjeburo brocht. De auto is yn beslach nommen en de fertochte hat proses-ferbaal krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)