Plysje hâldt auto mei himp oan

20 feb 2010 - 14:14

De plysje hat freed yn Akkrum in 27-jierrige Harnzer oanhâlden mei 50 hennepplanten yn syn auto. De bestjoerder foel op fanwege syn snelheid en waard dêrom troch de plysje oanhâlden. Yn de auto stonk it hiel bot nei hennep en doe waarden de planten ek al gau fûn.

De hennep is yn beslach nommen en ferneatige. De bestjoerder mocht nei de oanhâlding fierder ride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)