Plysje hâldt 9 minsken oan

26 jun 2000 - 19:33

De plysje hat snein op it Ruterskertier yn Ljouwert 9 minsken oanholden. It giet om trije Ljouwerters dy't in stedsgenoat bedrigen, en twa omstanders. Oanlieding soe in oanriding west ha.

Earder al wie op itselde plak in 20jierrige Ljouwerter oppakt, nei't er in plysjeman útskolden hie. Letter waarden nochris trije Ljouwerters oanholden, om't se foar oerlêst soargen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)