Plysje hâldt 6 drankriders oan

14 okt 2012 - 13:42

De plysje hat sneon en sneontenacht op ferskate plakken yn Fryslân drankriders trappearre en maatregels tsjin harren nommen. De earste, in man út Bûtenpost (35), ried middeis om twa oere al dronken oer de Tsjerkstrjitte yn syn wenplak. In tsjûge luts de kaai út it kontakt fan syn auto en warskôge de plysje. Dy naam it rydbewiis yn beslach.

Letter op de dei trappearre de plysje in Jouster drankrider (31) yn Sint Nyk, in Harkyt (40) yn De Rottefalle, in frou út Drachten (25) yn Koatstertille en in man út Lichtaard (58) yn Reitsum.

Yn de Ljouwerter wyk Bilgaard moast in drankrider út Wilhelminaoard in blaastest ôflizze. Hy hie tefolle dronken en krige proses-ferbaal. Itselde jildt foar alle oare trappearre drankriders. De Jouster dy't yn Sint Nyk oanhâlden waard hie safolle dronken dat er syn rydbewiis ynleverje moast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)