Plysje hâldt wyldpisser oan

27 des 2011 - 10:43

De plysje hat moandeitenacht op It Hearrenfean in man út Delft (20) oanhâlden foar wyldpisjen. Twa plysjeminsken seagen dat de man tsjin in hûs oan stie te pisjen. Hy wie dronken en misledige de plysjes doe't dy in bekeuring oan it útskriuwen wiene.

By syn oanhâlding fersette de man him bot. Hy is meinommen nei it plysjeburo foar ferhoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)