Plysje hâldt ekstra DNA-dagen

08 des 2011 - 12:49

De Fryske plysje hâldt dizze moanne twa ekstra dagen om DNA ôf te nimmen fan feroardielden. Sûnt seis jier moatte minsken dy't feroardield binne foar delikten dêr't fjouwer jier selstraf op stiet ferplicht DNA ôfstean.

Alle jierren giet it yn Fryslân dan om 1000 oant 1100 persoanen. Dêr wurdt alle wiken in spesjaal sprekoere foar hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)