Plysje grypt yn by lûdsoerlêst

06 apr 2012 - 10:06

De plysje hat tongersdeitenacht de lûdsapparatuur fan in Ljouwerter (30) yn beslach nommen. Der wie in melding kaam oer lûdsoerlêst yn de Grutte Tsjerkstrjitte. De muzyk wie bûten op strjitte te hearren. Omdat dat twa wiken lyn ek al sa wie, hat de plysje de lûdsapparatuur en tweintich boksen yn beslach nommen.

Tsjin de eigener is proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)