Plysje grypt yn by konflikt tusken kreakers en hûseigener

21 jan 2016 - 13:44
  • It kreake gebou oan de Stasjonswei yn Ljouwert

De plysje hat tongersdeitemoarn bemiddele tusken in groep kreakers en de eigener fan in gebou oan de Stasjonswei yn Ljouwert. It fertutearze pân is jierren lyn al kreake, mar de eigener wie der no klear mei en woe de kreakers derút sette. Dy wiene it dêr lykwols net mei iens.

It konflikt rûn sa heech op, dat de plysje ynskeakele waard. De kreakers binne úteinlik it gebou wer yngien. Sy wolle oanjefte dwaan by de plysje. Kreakers meie net samar in gebou útsetten wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)