Plysje giet op toernee mei ynbraakprevinsje-truck

04 des 2015 - 18:18
  • Wenningynbraak

De plysje Noard-Nederlân en de gemeentes yn Fryslân, Drinte en Grinslân sille mei in ynformaasjetruck by de minsken del om harren te ynformearjen oer ynbraakprevinsje. De frachtwein moat de drompel foar minsken leger meitsje om mei de plysje yn petear te gean. Yn de truck wurde ûnder oare anty-ynbraak demonstraasjes dien en foarljochtings jûn.

It tal ynbraken is de lêste jierren al bot nei ûnderen gien, benammen troch dit soarte fan previnsje-aksjes, sa seit de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)