Plysje giet del by wanbetellers

21 mrt 2006 - 13:47

De plysje fan Ljouwert hat moandeitemiddei en -jûn in saneamde eksekúsjeaksje holden yn de stêd. Iepensteande boetes moatte dan fuortendaliks betelle wurde.

Tsientallen plysjeminsken en in offisier fan justysje diene oan de aksje mei. Se giene by wenten fan wanbetellers del. Yn totaal binne tsien persoanen oanholden en der is foar sa'n 1000 euro oan boetes ophelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)