Plysje geregeld te let

20 jun 2014 - 06:31

De plysje yn Noard-Nederlân is geregeld te let by spoedmeldings. Dat docht bliken út sifers dy't Nu.nl opfrege by de plysje. Foar ynsidinten dy't libbensbedriigjend binne, is de streefnoarm dat de plysje yn 80 prosint fan de gefallen binnen it kertier op it plak fan de melding wêze moat.

Yn Noard-Nederlân is de plysje yn 78 prosint fan de meldings binnen it kertier op it plak. Dêrmei skoart de plysje hjir hast 2 prosint ûnder de noarm. Op Flylân wiene plysjes yn mar fjouwer fan de fyftjin meldings op 'e tiid.

As ferklearring jout de plysje dat de ôfstannen op it plattelân grutter binne. De regio Noard-Nederlân wol de reaksjetiden ûnder oare ferbetterje troch koartere tillefoanlijntsjes te kreëarjen en by it type melding te sjen of't de plysje der ek mei ien persoan hinne kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)