Plysje fynt ynbrekkersark

05 mrt 2011 - 15:19

Twa man út Easterwâlde en Donkerbroek binne freedtenacht oanhâlden op de Ampèreloane yn Drachten op fertinking fan ynbraak en stellerij. Minsken fan in befeiligingsbedriuw seagen de auto fan 'e fertochten mei in oanhingwein stean en tochten dat it om in ynbraak gie. De alarmearre plysje hat de auto fan 'e fertochten ûndersocht. Hjirby waard ynbrekkersark oantroffen.

De manlju binne meinaam nei it plysjeburo. It is noch net dúdlik oft der yndie sprake is fan ynbraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)