Plysje fynt stellen guod en hâldt man oan yn Wolvegea

11 des 2015 - 12:31

De plysje yn Wolvegea hat tongersdeitenacht in 34-jierrige man út it doarp oanhâlden as fertochte fan in searje autoynbraken yn de Merelstrjitte, Leeuwerikstrjitte en de Asstrjitte. Tsjûgen warskôgen de plysje dat twa manlju yn de Merelstrjitte oan it ynbrekken wienen. 

Doe't de plysje oankaam, trof se de Wolvegeaster mei in kroade fol mei stellen guod. Yn de kroade lei ûnder oare it frontsje fan in autoradio. Fierderop wie de doar fan in garaazje iepen brutsen. Dêr stie ek in amer mei stellen guod. 
 

De plysje sil de slachtoffers benaderje om te sjen of dy it stellen guod kenne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)