Plysje fynt sliepende man yn auto nei ûngelok

07 nov 2015 - 09:05

In man fan 24 út Grinslân is sneontemoarn by Boerum mei syn auto fan de dyk rekke en tsjin in beam botst. Doe't de plysje derby kaam, lei de man yn syn auto te sliepen. Der brânwacht hat him út de auto helle, en hy is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.

Hoe't de man der oan ta is, is net bekend. Wol liket it der op dat er ûnder ynfloed fan alkohol wie, en dêrom hat de plysje in bloedproef dien. Hy is syn rydbewiis foarearst kwyt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)