Plysje fynt sabeare lichem yn plestik "sike grap"

15 okt 2015 - 16:28
  • It sabeare lichem yn Easterwâlde

De plysje yn Súdeast-Fryslân is konfrontearre mei in grappemakker dy't moandei in sabeare lichem dellein hat by in skulpepaad yn Easterwâlde. De plysje krige in anonime melding binnen dat der wat fertochts lizze soe oan de Houtwal by de krusing Prakkelaan.

Dêr like in ferpakt lichem te lizzen, wêrnei't der saakkundigen oproppen binne om it te ûndersykjen. Dêrút die bliken dat der wat yn siet dat op in lichem lykje moast. De plysje tinkt dat it mooglik om in sike grap giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)