Plysje fynt lichem 67-jierrige Grinzer yn Iselmar

05 jan 2016 - 22:12
  • De KNRM assistearde by it bergjen fan it lichem út it wetter fan De Iselmar

De plysje hat tiisdei oan 'e ein fan de middei yn de Iselmar by De Lemmer in lichem fûn. It lichem wie waarnommen troch in binnenfeartskipper, dy't de plysje warskôge. De KNRM wie der ek by. By ûndersyk die bliken dat it om in 67-jierrige man út Grins giet. Hy wie slachtoffer fan in oanfarring fan ein novimber ferline jier. In motorboat mei twa minsken sonk doe op de Iselmar tusken Urk en De Lemmer.

It lichem fan de oare opfarrende, in man út Amsterdam, waard al earder fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)