Plysje fynt himpkwekerij

21 apr 2013 - 13:02
  • Himpkwekerij

By de oanhâlding fan in fertochte (23) op It Hearrenfean fûn de plysje sneontenacht by tafal in himpkwekerij mei 400 planten. De plysje woe de man oanhâlde omdat er in frou (23) mishannele hawwe soe. By de oanhâlding yn syn hûs ûntdutsen de plysjes in himpplantaazje. De stroom foar de himpkwekerij gie bûten de elektrisiteitsmeter om.

De fertochte is ynsletten foar neier ûndersyk. De man sil no heard wurde foar de mishanneling en foar de himpkwekerij. De plysje sil de himpkwekerij ûntmantelje. De elektrisiteit is ôfsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)