Plysje fynt harddrugs en wapen by Feanster jeugd

13 des 2015 - 13:11

De plysje hat sneontenacht in ynfal dien yn in garaazjeboks yn Hearrenfean-Súd. De jeugd hat dêr in moetingsplak. Yn de garaazjeboks trof de plysje in groep jongeren ûnder de 18 jier oan. Sy hiene speed en ghb by har.

Ek fûn de plysje fjoerwurk en in wapen. De jongeren dronken alkohol. De plysje hat de âlden op 'e hichte brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)