Plysje fynt fjoerwurk Boerum

09 apr 2012 - 13:24
  • De tryste resten fan 'e mûne op Peaskemoandei

De plysje docht ûndersyk nei fjoerpylken, dy't fûn binne yn de buert fan de ôfbaarnde mûne yn Boerum. Dy gie sneintenacht folslein yn flammen op. Mooglik binne de pylken de oersaak fan de brân.

De brân soarge ek foar skea oan de neistlizzende tsjerke. Dêr sprongen ruten fan. Ek in kamper en in bestelauto dy't yn de buert parkeard stiene rûnen skea op. De brânwacht koe foarkomme dat it fjoer oersloch nei neistlizzende huzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)