Plysje fynt automatyske fjoerwapens yn Doanjum

11 apr 2016 - 15:12
  • Plysje-ynfal yn Doanjum

De plysje hat yn Doanjum twa manlju en twa froulju oppakt foar wapen- en drugsbesit. It giet om twa 35-jierrige manlju, en twa froulju fan 26 en 54 jier. Yn trije huzen yn it doarp waard ûndersyk dien en dêrby fûn de plysje kokaïne, in pear pûden mei himp en automatyske fjoerwapens.

De fertochten hienen ek semyautomatyske fjoerwapens, in jachtgewear en munysje yn hûs. De fjouwer binne oppakt en moatte meikoarten foar de rjochter-kommissaris ferskine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)