Plysje fynt 66 mortierbommen

17 des 2011 - 12:21

De plysje hat freed yn Skearnegoutum 66 mortierbommen yn beslach naam en 18 oare fjoerwurkbommen. De plysje hie in tip krigen dat in man (19) yn it doarp yllegaal fjoerwurk hie. De mortierbommen hiene in trochsnee fan 12,5 sintimeter en leine op de sliepkeamer. Ek hie de Skearnegoutumer ûnder oare buizen om de mortierbommen ôf te stekken. Al it materiaal is yn beslach nommen en der is proses ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)