Plysje fynt 2200 nitraatbommen yn hûs Kollumersweach

01 des 2015 - 11:37

De plysje naam moandei yn Kollumersweach hast 2200 nitraatbommen, 140 flinterbommen, 20 crackers en 12 cobra's yn beslach. In anonime tipjouwer sette de plysje op it spoar fan it yllegale fjoerwurk.

Yn de bykeuken fan de twa-ûnder-ien kapwenning stiene doazen fol mei it yllegale knalwurk. Tsjin de 28-jierrige bewenner fan it hûs is proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)