Plysje fûillearret yn útgeansgebiet Ljouwert

11 des 2015 - 07:30
  • Plysje

De plysje yn Ljouwert hat tongersdeitejûn 50 minsken yn it útgeansgebiet preventyf fûillearre. Derneist binne trettjin auto's kontrolearre. By de aksje binne trije messen yn beslach naam. De eigeners krigen in proses-ferbaal.

In 29-jierrige Harnzer waard oanhâlden om't de man himp, hasj en kokaïne by him hie. De man sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)