Plysje Fryslân: 13 oanhâldings

01 jan 2011 - 10:58

De Fryske plysje die de ôfrûne âldjiersnacht trettjin oanhâldings foar saken as fernieling, mishanneling, bedriging, mislediging, iepenlike geweldpleging en it net harkjen nei oanwizings fan de plysje.

Yn Wolvegea moast de mobile ienheid yngripe by ûngeregeldheden yn de Van Harenstrjitte. Hjir moast in groep útinoar dreaun wurde. De plysje die trije oanhâldings. De plysje wol alle saken dy't mei âld en nij te meitsjen ha sa gau mooglik ôfhannelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)