Plysje freget help boarger

26 mrt 2007 - 14:13
  • Boargers kinne helpe ynbrekkerij tsjin te gean

De plysje wol yn de takomst mear boeven betraapje en opspeure mei help fan boargers. Der komt in netwurk fan minsken dy't faak ûnderweis binne, lykas bus- en taksysjauffeurs, befeiligers en parkearkontroleurs.

Dêrneist komt de plysje mei in oar plan, it saneamde boargernet. Dat is in tillefoanysk netwurk fan boargers dat troch de meldkeamer fan de plysje ynskeakele wurdt as der by har yn de buert in misdriuw west hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)