Plysje fangt fiskstreuper

17 okt 2014 - 13:52
  • Iel

In 39-jierrige man út Frjentsjerteradiel is oppakt by in aksje tsjin fiskstreuperij. De plysje fûn 15 kilo libjende wylde iel en 60 krabben achter de wenning fan de man. De fertochte hie gjin fergunning foar it fiskjen op dizze fisksoarten. De arrestaasje makke diel út fan meardere kontrôles yn it noardwesten fan de provinsje.

De plysje wurke dêrby gear mei de Friese Hengelsportfederatie. Mei de kontrôles binne ek ferskate yllegale fûken opromme en is ien fisker beboete om't er mei libjend aas fiske.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)